Utnoeging - Ynterfrysk Kongres yn Harns

Schroor syn foardracht sil yngean op de eftergrûnen fan de demografyske ûntjouwing fan Fryslân sa’t dy it lêste millennium plakfûn hat. Oan bar komme aspekten as it insulêre karakter fan de Fryslânnen, de kearnfamylje, harren relative oerbefolking, de hege mobiliteit, de ekonomyske en polityke marginalisearring fan de Fryslânnen tidens de lêste rûchwei 2½ ieu, as ek de gefolgen dêrfan (massale emigraasje) oant likernôch 1965.

Boneschansker giet yn op de gefolgen fan demografyske feroarings, fergrizing en ûntgriening foar ekonomy en leefberens yn de Fryslannen. Mooglike ûntwikkelings/senario’s typysk foar plattelânsregio’s sa as de trije Fryslannen.

De Vries sil it ha oer it Interregprojekt Vital Rural Area mei de trije wurkpakketten. De provinsje Fryslân hat it foarsitterskip fan it pakket “Optimizing services”. Hokfoar mooglikheden jout dat projekt foar de trije Fryslannen?

It programma jout fierders rom gelegenheid ta diskusje en om mei oare Friezen yn kontakt te kommen.

Freedtemiddei 1 juny stiet in besite oan it Hannemahuis yn Harns op it programma, it kongres sels is op sneon 2 juny, mei de jûns in prachtige boattocht oer it Waad. Snein 2 juny kin nei de Ynterfryske tsjerketsjinst dielnommen wurde oan in stedskuier.

De dielnamekosten, ynklusyf op de sneon middeisiten en in buffet oan board, wurdt tsjin in ridlike priis fersoarge (koarting foar studinten). Ynteresse om diel te nimmen oan dit kongres, of ûnderdielen dêrfan, en de Noard- en Eastfriezen ek ris te moetsjen? Sjoch dan op www.fryskerie.nl of freegje in programma op by de sekretaris fan de Fryske Rie: Saapke Miedema, tel. 06 16 608 348, Diese E-Mail-Adresse ist vor Spambots geschützt! Zur Anzeige muss JavaScript eingeschaltet sein!

Opjeften foar dielname by foarkar foar 17 maaie.

Twitter: @ynterfryskerie        Facebook: Fryske Rie