Fan herten wolkom...

 Ilse Johanna 1

Wolkom op ús hiemside, de hiemside fan de Ynterfryske Rie. De Ynterfryske Rie wurdt foarme troch de seksjes Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân. Wy fiele ús as Friezen meielkoar ferbûn en wolle dat fersterkje op it mêd fan kultuer, taal en identiteit. Wy dogge dat troch ferskillende aktiviteiten te organisearjen wêrfan’t it Friezendroapen en it Ynterfrysk Kongres de hichtepunten binne.

Friezen binne oaninoar besibbe en fine rûnom oer de wrâld harren paad. Mar it fryskwêzen ferbynt en dat wurdt sichtber tidens de byienkomsten. Ik ferwiis jimme graach nei de publikaasjes op dizze hiemside en winskje jimme in soad lêswille ta..

Ilse Johanna Christiansen

2021 - 2024 Foarsitter Ynterfryske Rie
www.interfriesischerrat.de

Foarsitter Frasche Rädj / Friesenrat Sektion Nord

wwww.friesenrat.de