1e moeting agraryske jongeren

Takom jier bringt de jongerein fan de Lânboufakskoalle yn Bredstedt in tsjinbesite nei ús, it saneamde Westerlauwersk, Fryslân. De learlingen wurde ûnderbrocht by gastgesinnen.

It doel fan de moetings is it fersterkjen fan de ynterfryske kontakten en it útwikseljen fan ynformaasje mei studinten dy’t min of mear deselde oplieding dogge. Op it programma steane û.o. in pear besites oan molkfeebedriuwen, in akkerboubedriuw en it tsiisfabryk Nordmilch yn Nordhackstedt. De groep sil ek útstapke meitsje nei Denemarken. It doel dêr is in besite oan in Westerlauwerske Fryske boer om utens. De lokale jongerein is yn ‘t spier om in oantreklik jûnsprogramma’s foar besite te organisearjen.

Sjoch foar mear ynformaasje op webstek www.fryskerie.nl .